(Folslein
skerm? Klik op jo rjochter mûsknop!)
It dierberste dinkje dat in keunstner hat is syn sketsboek. Neist it
brûkme foar modelsketsen foar myn skilderijen en yllustraasjes
brûk ik it foar de bleate lol oan't tekenje. It wurk op it atelier
kin bytiden erg tsjinsitten en ferfelend wêze at it skilderij
op 'e ezel net wol. Op sokke mominten moast wat oars dwaan as skilderjen
omt dy dêr oerhinne te setten. Somtiden binne it oare ferplichtingen
en saken as keunst dy 't probleem wêze kinne. Foar sokke situaasjes
haw ik altyd myn sketsboek en myn potlead by my foar it gefal dat it
momint sich foardocht; Wham....Tekenje sûnder der oer nei te tinke!
Miskien wol de gelokkichste mominten yn 't keunstners bestean.
Dizze sketsen binne wat se binne; Wonderlik bekraste juwieltsjes, alles
behalve goed mar dierber om te besjen op drege mominten.
|
|