Op myn
thśsside sjogge jo in pear foarbylden fan myn wurk as keunstner.
Ik wenje yn Ljouwert, Fryslān.
De earste eksposysje wie yn 'e hjerst
fan 1993 en ferskillende ha dźrnei plak hān. Twa jier haw ik foar
it earst yn 't būtenlān in stap weage om myn skilderijen sjen
te litten. Sa is en wie der wurk te sjen yn Barcelona, Tokio, Grandchamps,
Carmel en yn Palm Desert . Der binne plannen genōg om 't yn
de takomst śt te wreidzjen nei mear plakken. Fierder haw ik my dwaande
hālden mei boek-omslaggen, in CD hoeske en yllustraasjes foar it
eardere Frysktalige tydskrift Frysk en Frij, de KFFB, de Q en de
Ljouwerter Krante.
Ek hat de kompjoeter my yn 'e besnijing det lźste jieren, sa
't jo sjen kinne ūnder it knopke Kompjoeter Grafyk.Net allinnich
it grafysk wurkjen op de kompjoeter is in aparte ūnderfining foar
my, ek de kontakten oer de hiele wrāld troch it Ynternet en de eamelderij
binne wol in bytsje bjusterbaarlik. Sa't altyd giet , it went
ek wer.
Echt prachtich wie 't wykein yn Oktober mei it SFC Festival
yn Tokio. Der wie net allinnich opstjoerd wurk fan my en in protte
oare keunstners śt'e wrāld oan de muorren te sjen, ek in dia
presintaasje Zero-One dy't ik makke hie mei powerpoint is tusken
de videoart produksjes ferskillende kearen fertoant op 3 by 4 meter
yn in filmseal. Twa nachten wie 'k tagearre mei in protte keunstners
śt de hiele wrāld ( fan Helsinki o./m. Nij Seelān) ferbūn en yn
't spear om plaatsjes makke troch de festival besikers en opstjoert
nei my en de oaren sa gau mooglik keunstich te bewurkjen mei de
kompjūter en ferfolgens it risultaat werom te stjoeren. Yn Tokio
wiene de minsken klear om it sa gau mooglik śt te printen en oan
de muorren te hingje sadat de festival besiker syn plaatsje mei
nei hūs krije koe.
De Japanske media en ek de televyzje hawwe der in protte oandacht
foar hān. Der wiene tūzenden besikers yn Tokio is my fertelt. Neffens
de Fryske parse wie 't Pizzas dat wichtich wie foar de Keunst
dat wykein. It grutske relativearje ta it lytse is sa ek in ūnderfining
fan my op it Ynternet yn myn atelier yn Fryslān. Hjiryn stiet ta
paslik ek myn ezel. Resiltaten fan dit SFC Festival 1999 kinne Jo
besjen at Jo R2001 oanklikke. It Renaissance 2001 wermei ik gearwurk
as Lighthome Frylān - Holland is in project dat dit jier wat grutsk
op'e hispel nimt op it Ynternet. S'at dy Fryske keunstbroeders
mei in bytsje ūnderfining op'e kompjoeter dy't nocht hawwe
om tagearre wat te dwaan.
Email-projekt
1998 : Tagelyk in ūntwerp foar in Albrecht fan Saksen monumint foar
it oerweldigjen fan it Fryske folk en it ynstalleare fan blykber
it earste provinsjebestjoer. Tagearre mei de oare ynsendingen fan
Prakticabel hat it oan de muorren yn 't Provinsjehûs oan'e
Twabaksmerke hongen.
1993
Mebius, Noardhorn
1994 De Zandloper,
Eastermar
1995 De Oorsprong,
St. Niek
1996 Kluts, Balk
1996 Galerij Romein,
Ljouwert
1997 Gemeentehūs Tytsjerksteradiel,
Burgum
1997 Kluts, Balk
1997 Keunst boppe
de grźft, Ljouwert
1997 Apart, Grins
1997 Boekwurk, Ljouwert
1997 Mebius, Noardhorn
1997 De Kapberg, Egmond
oan de Hoef
1998 Apart, Grins
1998/99 Galeria d'Art
zero, Barcelona
1998/99 Zantman Art
Galleries, Palm Desert
1999 MAC 21 art-e-mail,
Malaga
1999 SFC Festival,
Tokio
1999 Galerie La vallée
verte, Grandchamp
2000 Dikado, Seewāld
2000 Galeria d'Art
Zero, Barcelona
2000 Shomeido Gallery,
Tokio
2000 Galerij Romein,
Ljouwert
2000 Galery Bloemrijk
Vertrouwen, Aldtsjerk
2001
Kunst Ahoy, Rotterdam
2001
FRIA eksposysje yn
Gemeentehūs Tytsjerksteradiel,
Burgum
2001
MAC 21 art-e-mail,
Marbella
2001 Bienal de Cerveira,
Vila Nova de Cerveira
2001 Omrop Fryslân,
Ljouwert
2001 Ututu,Cell Space,
San Francisco
2002 FRIA, Frysk Skilderhûs,
Ljouwert
2002 Praktikabel,
Fries Museum, Ljouwert
2002 Kunst Ahoy, Rotterdam
2002
Galery
Kos,
Zierikzee
2002
GEIC,
Tokio
2002
Galery
Bloemrijk
Vertrouwen,
Aldtsjerk
2003
FRIA
Waterpoort
Art
Gallery,
Sneek
2003
Duurzaamheidsbeurs,
Leeuwarden
2003
Fotografria,
Burgum
2003
Artday
at
Cafe
Slow
Gallery
in
Fuchu
City,
Tokyo
2003
FRIA
Kabinet
Hendrik
Beekman,
Marrum
2004
Galerie
De
Herkenning,
Wittelte
2005
"Earth
Day
2005
-
eARTh
Poster
Exhibition"
Global
Environment
Information
Center
(GEIC),
Aoyama,
Tokyo.
2005
FRIA
20
Fotogalerie
N0.
5
Leeuwarden
2005
FRIA
20
Galerie
im
Lokschuppen,
Jever
2005
Schransexpositie,
Leeuwarden
2006
It
Frysk
Skildershûs,
Leeuwarden
2006
FRIA
Galerie
Vromans
-
Boumeester
Project,
Leeuwarden
2006
Schransexpositie,
Leeuwarden
Keunst
op
Nienoord
30
keunstners,
werûnderWillem
Mook
nimmen
diel
aon
in
keunstbeurs
op
itt
landgoed
Nienoord
yn
it
Nasionaall
Rijtugmuseum
yn
Leek
op
28
en
29
novimber
2009
fan
13.00
tot
17.00
o.
Omgaan
met
-
Handling
-
Omgean
mei
Willem
Mook
Comp.
Graphic
€
9,11
eksposysje
achter
de
winkelrúten
fan
de
Schrans
-
Hobbemastrjitte,
Ljouwert
16-9-2006
o/m
12-10-2006
GRAVITY
serie
Willem
Mook
Comp.
Graphics
ALU-frame
glassed
60
x
40
cm
€
300
FRIA
yn
Cristalic
11-3-2006
t/m
20-5-2006
to-frr-sneons
13.00
17.00
oerer
en
it
2de
wykein
fan
13.00-17.00
oere
Yn
ferbân mei
de Fryske Strjitte by Galerie
Kos yn Zierikzee yn juni, juli en augustus 2002 wêrûnder
ek 2 fan myn lânskippen fan Westhoek te sjen binne.
In videofragmint út myn powerpoint ynstjoering WESTHOEK
dat yn 2000 yn de Shomeido Gallery, Tokyo sjoen is.
In protte
lānskippen haw ik skildere yn 't Bilt. Dat gebiet leit noardwestlik
fan myn wenplak Ljouwert. Ik hāld fan de iepenheid fan dat Fryske
lānskip; in hast harmonieus byinoar kommen fan abstrakte stikken
lān, loft en wetter. Nammenste reden om bytiden mei 't ezeltsje
der op śt te gean. Al beskōge ik dat būten skilderjen blykber
as in ferfanging fan myn nocht oan fiskjen yn 'e būtenloft.
De lźste jierren haw ik dat lźste net mear dien. Boppedat in bytsje
skilderje yn'e romte kin gjin kwea foar my. Altyd mar op it atelier
oan't wurk is ek net alles.
Fruchten
as foarwerpen yn in stillibben hawwe de minsken altyd oansprutsen
as in minsklike metafoar foar it einige bestean fan alles wat bloeit
en groeit. It ieuwenālde besef fan memento mori en carpe diem foarmen
dźr de grūnslach fan. Ik haw faak in hekel oan dy goedkeape en moaie
foar yn 'e mūle lizzende tinkwize. Neffens my komt soks earder
fuort śt in maatskiplik feilige (ūn)bewuste net śt-sprutsen eroatyk.
In protte
lānskippen haw ik skildere yn 't Bilt. Dat gebiet leit noardwestlik
fan myn wenplak Ljouwert. Ik hāld fan de iepenheid fan dat Fryske
lānskip; in hast harmonieus byinoar kommen fan abstrakte stikken
lān, loft en wetter. Nammenste reden om bytiden mei 't ezeltsje
der op śt te gean. Al beskōge ik dat būten skilderjen blykber as
in ferfanging fan myn nocht oan fiskjen yn 'e būtenloft. De
lźste jierren haw ik dat lźste net mear dien. Boppedat in bytsje
skilderje yn'e romte kin gjin kwea foar my. Altyd mar op it atelier
oan't wurk is ek net alles.
Sa
nou en dan weagje ik my oan portretten. Ik fyn it net sa gemakelik
ûnderwerp, sels moeilik om te dwaan. Persoanlik fyn ik neat
sa slim at in stive geskilderde snút hingjend oan in spiker
oan 'e muorre. Ik probearje wat fan in persoanikheid te finen. In
soarte fan skimmich beweeglik werkennen fan it libben, it dwaan
en it tinken.fan in persoan en ferfolgens yn 't úterlik te
ferbyldsjen. De serie portretten dy ik tagearre mei Robert van de
Woestijne makke haw fan personielsleden fan de Fryske Parse foar
harren personielsblêd De Voordraai wie in ekspirimint wertroch
ik wat mear ynsicht krigen ha fan wat in portret is.
In myn bestean
as skilder ha 'k altyd in protte omtinken hān foar it neaken.
Ik hāld fan de ferskillen yn skientme, libbenskrźft en earlikheid
fan it minsklik lichem. Neffens my wurdt dat faak ūnderskat of net
ynsjoen troch it healslachtich omgean mei maatskiplike noarmen en
wearden.
Dźrtsjinoer fyn ik dat it neaken beskōge wurde moat as 't śtprobearjen
fan in keunstner om in earlik portret te meitsjen fan it minslik
lichem as in artistike en monumintale bydrage oan 't minsklik
libben en kultuer. Binnen dy fisy wol ik myn wei fine. Yn 't
begjin skilderjend, nei it skōge te hawwen, wurdt it lichem mear
en mear yn in abstrakt kader pleatst. In oar besef oer de śtdrukking
fan in skilderij is wichtiger wurden. It materiėle bestean fan in
skilderij, de kleuren, struktueren, tekstueren, ritmes en komposysjes
fereaskje folle sterker in yngeand byld fan in skilderij as in foarspelber
betinksel. Dy wurklikheid oer it byld jout net in spegelbyldige
kopy fan in wrāld būten it skilderij mar kin śteinlik der seker
wat oer śtdrukke. En wźrom soe in skilder in skilderij meitsje as
der foar him gjin aventoer ynsit? Yn 't koart bliuwt in skilderij
in konkreet ding dat wat śtdrukt en dźr oandacht foar ferget.
Hooplik in nij ūntdutsen en net foarspelber, miskien in hast taastbere
wrāld foar sawol de skilder as de oanskōger. It ferbyldzjen fan
dy wrāld soe 't doel en it middel wźze moatte fan de skilderkeunst
en net de herhelling.