Fruchten
as foarwerpen yn in stillibben hawwe de minsken altyd oansprutsen
as in minsklike metafoar foar it einige bestean fan alles wat bloeit
en groeit. It ieuwenâlde besef fan memento mori en carpe diem foarmen
dêr de grûnslach fan. Ik haw faak in hekel oan dy goedkeape en moaie
foar yn 'e mûle lizzende tinkwize. Neffens my komt soks earder
fuort út in maatskiplik feilige (ûn)bewuste net út-sprutsen eroatyk.