It
dierberste dinkje dat in keunstner hat is syn sketsboek. Neist it brûkme
foar modelsketsen foar myn skilderijen en yllustraasjes brûk ik
it foar de bleate lol oan't tekenje. It wurk op it atelier kin bytiden
erg tsjinsitten en ferfelend wêze at it skilderij op 'e ezel net
wol. Op sokke mominten moast wat oars dwaan as skilderjen omt dy dêr
oerhinne te setten. Somtiden binne it oare ferplichtingen en saken as
keunst dy 't probleem wêze kinne. Foar sokke situaasjes haw ik
altyd myn sketsboek en myn potlead by my foar it gefal dat it momint
sich foardocht; Wham....Tekenje sûnder der oer nei te tinke!
Miskien wol de gelokkichste mominten yn 't keunstners bestean.
Dizze sketsen binne wat se binne; Wonderlik bekraste juwieltsjes, alles
behalve goed mar dierber om te besjen op drege mominten.
Realplayer
1.6 mb. 7 minuten Video Sketsboek
fan Willem Mook