Sa
nou en dan weagje ik my oan portretten. Ik fyn it net sa gemakelik ûnderwerp,
sels moeilik om te dwaan. Persoanlik fyn ik neat sa slim at in stive geskilderde
snút hingjend oan in spiker oan 'e muorre. Ik probearje wat fan
in persoanikheid te finen. In soarte fan skimmich beweeglik werkennen
fan it libben, it dwaan en it tinken.fan in persoan en ferfolgens yn 't
úterlik te ferbyldsjen. De serie portretten dy ik tagearre mei
Robert van de Woestijne makke haw fan personielsleden fan de Fryske Parse
foar harren personielsblêd De Voordraai wie in ekspirimint wertroch
ik wat mear ynsicht krigen ha fan wat in portret is. .
Dizze
yllustraasjes binne makke foar de Voordraai, it persoanielsblêd
fan de Fryske Parse. De yllustraasjes bionne yn geararbeidzjen mei
Robert van de Woestijne, dy 't de ynterviews skreon hat.