|
|
|
|
|
|
Neaken
NEAKEN
In
myn bestean as skilder ha 'k altyd in protte omtinken
hân foar it neaken. Ik hâld fan de ferskillen yn skientme,
libbenskrêft en earlikheid fan it minsklik lichem. Neffens
my wurdt dat faak ûnderskat of net ynsjoen troch it healslachtich
omgean mei maatskiplike noarmen en wearden.
Dêrtsjinoer fyn ik dat it neaken beskôge wurde moat as 't
útprobearjen fan in keunstner om in earlik portret te meitsjen
fan it minslik lichem as in artistike en monumintale bydrage
oan 't minsklik libben en kultuer. Binnen dy fisy wol
ik myn wei fine. Yn 't begjin skilderjend, nei it skôge
te hawwen, wurdt it lichem mear en mear yn in abstrakt kader
pleatst. In oar besef oer de útdrukking fan in skilderij
is wichtiger wurden. It materiële bestean fan in skilderij,
de kleuren, struktueren, tekstueren, ritmes en komposysjes
fereaskje folle sterker in yngeand byld fan in skilderij
as in foarspelber betinksel. Dy wurklikheid oer it byld
jout net in spegelbyldige kopy fan in wrâld bûten it skilderij
mar kin úteinlik der seker wat oer útdrukke. En wêrom soe
in skilder in skilderij meitsje as der foar him gjin aventoer
ynsit? Yn 't koart bliuwt in skilderij in konkreet ding
dat wat útdrukt en dêr oandacht foar ferget.
Hooplik in nij ûntdutsen en net foarspelber, miskien in
hast taastbere wrâld foar sawol de skilder as de oanskôger.
It ferbyldzjen fan dy wrâld soe 't doel en it middel
wêze moatte fan de skilderkeunst en net de herhelling.
|
|
|
|
|
|