Yn Memoariam Gys Miedema

(troch Syds Wiersma, 28 febrewaris 2001) 

                                                                

Ja libje sa libje sa’t it hielendal net kin….

Dat hasto dien Gys, hast 35 jier lang. Libje mei in sykte dy’t bytiden ûndraachlik wie. En dochs libje, altyd besykje wer te libjen, yn ‘e swartste gatten noch wer it besef krije dat it noch net einigje mocht, dat der noch tefolle wie om foar te libjen, foar te skriuwen, foar te soargjen. En doe ynienen wie it dien.

Doe’t wy it hearden, ferbjustering oer it hoe en it dat, ûnmacht oer it wêrom, skuld en selsferwyt oer hoe’t it oars moatten en miskien oars kinnen hie, en stadichoan, aloan sterker it besef dat wy dy misse moatte, dat it libben sûnder dy noait mear wurdt wat it wie en safolle earmer en leger wêze sil.

Goed sân jier lyn learde ik dy kennen. It wie op in literêre jûn yn it skriuwershûs. Do hiest aforismen foarlêzen en ik gedichten. Do kaamst dêrnei op my ta, ferteldest datst ek gedichten skreaust en fregest oft ik der nocht oan hie om in kear by dy del te kommen en se te lêzen. It waard it begjin fan in freonskip, dêr’t wy elkoar fûnen yn it skriuwen en it leauwen. Ik kin mar op ien manier ôfskie fan dy nimme, Gys, en dat is sa’t wy elkoar kennen leard hawwe, foarlêze dus. Ut myn gefoelens foar dy en út dyn gedichten.

 

Freedtejûn nei dyn ferstjerren, de jûns foar dyn jierdei, hawwe wy elkoar opsocht, Mieke, Tsjisse en ik, sa’t wy dat soms dienen mei dy derby. Doe’t ik Tsjisse letter op ‘e jûn der út liet, snijde it. Yn it lantearneljocht seachst de snie fallen; dwarreljen, stowen, jeien, dûnsjen, stil sakjen. In byld fan dy Gys, al dyn ferskillende kanten. De oare deis, dyn jierdei, wie’t helder sinneskynwaar. Ik rûn by de Potmarge lâns en de wrâld wie sa stil, sa ynholden, dat ik tocht dat de eleminten en de natoer dy’sto sa faak brûktest om dyn gefoelens en ideeën yn út te drukken dyn jierdei betochten. Hjir en dêr boskjes dêr’t fûgels har tjirgen sa’sto dy tjirgje koest. En de jûns op ‘e nij snie, mei bakken fol. It fielde as tearde de himel dy ûnder dyn deadskleed, as waardst yn dyn breidskleed wuolle om God temjitte te gean. It joech wat treast te betinken datsto dyn swiere libben ôflein hiest en einlings rêst fine soest.

Do wiest sneon 50 wurden. Dyn fyftichste jier hast ôfsluten. De bibel neamt it fyftichste jier in jubeljier. Dat is wreed as wy sjogge wat der krekt foar it foleinigjen fan dat jier mei dy bard is. Mar as wy nei de betsjutting fan in jubeljier sjogge, dan stiet der dat de Israëliten de grûn braak lizze lieten om God syn wurk dwaan te litten, dat se elkoar de skulden kwytskolden en dat se de slaven frij lieten. En sa is ’t mei dy bard, Gys. Foar myn gefoel hat dyn wrâld it lêste jier mear braak lein as oait. En do hast God syn wurk dwaan litten. Do hast mear skreaun as oait, in floed oan lieten, gedichten, aforismen. En de toan waard hieltyd wisser, de bylden riker, de yntinsiteit sterker. En no leit ús wrâld braak nei dyn ferstjerren. Djippe ellinde oer it ferlies. Spyt oer wêr’t wy yn ús freonskip nei dy ta tekoartsketten binne. En tagelyk ek tankberheid foar wat it wie. Do wiest in mins dy’t dy kenne liet. Do makkest altyd by oaren wat los. Dat makke dy sa bysûnder. It gie mei dy altyd om de kearn fan ús bestean. Do lietst dy kenne yn dyn djipten, hichten, dieden, wêzen. Mar der wie mear, do woest ek kend wurde. Ik haw gjin mins sa faak oan ‘e telefoan hân as dy. Dan seidest: “Ik haw even in liet/in gedicht/wat aforismen foar dy”. En dan alle kearen reageare moatte. En as kollega-dichter wolle je ek reageare, echt reageare want je hawwe beide dy leafde foar it wurd, it byld, de betsjutting. Soms hie ik de skerpte om op goede wize wat te sizzen oer de sterke en de swakke punten. Mar it kaam ek wol foar dat myn reaksje ferkeard foel. Je wisten daliks wat dat foar dy betsjutte en je besochten it wer goed te breidzjen. Dat slagge net altyd. Wy hawwe dêrom ús krisissen hân. En dan woest wiken lang neat foarlêze. Oant wy beide wer wisten dat wy it net sûnder elkoar woenen en dan begûn it tuike tuike wer ris mei in aforisme (want do seidest altyd dat ik dêr as dichter gjin ferstân fan hie en wat ik der oer sei makke dus ek minder út). Do liest dy kenne, dat wie prachtich en dêr bin ik dy sa tankber foar. En do woest dy kenne litte. Dat kaam net altyd út, dat makke it wol ris swier, en ik wol dy freegje my myn swakte en ûnferstân te ferjaan.

Us lân, leave Gys, leit no braak. Wy sille it fierder dwaan moatte mei watst ús neilitten hast; oantinkens, skriuwen en de treast dat wy der wis fan wêze kinne dat, wêrsto sa faak om bidden hast, alles wat yn dyn libben mis gie, dy ferjûn wurdt en datst frij wêze silst.

Snein yn tsjerke bliek dat it 50 dagen foar peaske wie. En doe ynienen ferstie ik de tekens. Fyftich, it getal dat ûnder it teken fan Gods Geast stiet, en peaske, it krús en de opstanning. Dat wie dyn libben. De Geast en it krús. Wy hawwe it der faak oer hân dat as dyn sykte net op dyn wei kaam wie, do noait de dingen skriuwe kind hiest sa’st se skreaun hast. Miskien wiest wol net iens skriuwer wurden. Dat makke dat krús sa dûbel. Oan ‘e iene kant sa swier – dat yn en yn ferflokte krús, hast yn in gedicht útraasd – en oan ‘e oare kant witte dat de Geast troch dat krús safolle djipper yn dy komme koe sadat wat út dy kaam safolle wiisheid en moaiheid hie. Hast it sels sa sein:

 

Kristal

 

Vannacht zijn stukjes verstand

Als zweetdruppels

Uit mijn hoofd naar buiten gekomen.

Gedachten van kristal

Die tonen wilden

Wat vanbinnen plaatsvond.

….

Veel schrijven èn alleen zijn

Is dat mijn lot?

Ik heb een kristalhelder antwoord:

Eenzaamheid voedt beelden.

Het bezweet zijn

Hoort bij scheppingsdrang.

Vreugde moet er ook blijven:

Je mag verbeelden.

Niemand blijft een gezond kunstenaar,

Als hij niet wijs doorvoed is.

Wie niet zweten wil

Blijft levenlang alleen.

 

Do hast switten en sa bist net allinnich bleaun. Soarch foar oaren, dat is wat dy typearre, omdatsto sels sa goed wistest wat soarch betsjutte koe. In pear persoanlike oantinkens:

Us dochterke Alma is no twa. Faak ast by ús kaamst hiest wat foar har by dy. In autootsje, in beurske, in cd fan Elly en Rikkert, twaddehâns lp’s mei mearkes fan Pinokkio, Don Quichot, Heidi, twaddehâns kleantsjes (ast dêr mei oankaamst seist altyd, hjir wat klean foar Alma, mar ik sis net wêr’t ik it wei haw). Lêsten op har jierdei hiest gjin tiid mear hân om wat te keapjen mar hiest noch wol in âlde kleurige brede siden sjaal lizzen. Alma fûn it prachtich. It wie it súkses fan de dei. It waard daliks as tafelkleedsje brûkt, dêr’t har servyske op útstald waard en sa boartet se der noch hast alle dagen mei. Gys, seit se dan, en dan wurdt de tafel klearmakke. It sil sa dreech wurde te sjen datsto noait mear mei har oan tafel kinst, mar it is sa prachtich sa’st it dien hast.

En dat jildt ek foar dat koffysetapparaat datst doedestiids foar dat famke yn it aanloophús kocht hast, of foar dy wiken datst op fakânsje wiest en dy jonge út it cric yn dyn hûs wenje mocht, of it yn memoariam datst foar Boefie, de bekende Ljouwerter swerver, skreaun hast, of it bosk blommen datst yn it Rengerspark foar dyn ferpleechster yn MCL-Noard plukt hast – de Roaie neamdest har, en do wiist sa wiis mei har - en fansels de soarch en leafde dy’t spruts ast it hiest oer Margo, Janny en Ype.

En dan wie der dyn soarch foar de deaden. It lêste jier foelen der koart achterelkoar twa minsken om dy hinne wei dy’t in soad foar dy betsjutten hawwe. Dolf Bosch. Do neamdest him dyn “meester”. Al frij gau neidatst begûnst te skriuwen hiest him kennen leard. Hy waard dyn trouste en wichtichste harker en kritikus. Hy hat dy holpen skriuwer te wurden. Bosch hat de tekst op de achterkant fan “Dijkschaap”, ien fan dyn lêste boekjes mei aforismen,  skreaun. Oer dyn aforismen sei er hiel treffend:

Met Dijkschaap hebt u een uitzonderlijk boekje in handen gekregen….omdat Dijkschaap uitermate verrassend – en gevarieerd – is, naar zinsvorm, naar inhoud èn concentratie van gedachten. Sommige van die gedachten hebben zelfs een hoog “schokgehalte”…

Op side 42 twa foarbylden fan skokken:

Vechten schuift de dood niet eindeloos voor zich uit.

En daliks dêrûnder:

Aan elke levensdraad hangen voldoende reddingsboeien.

Dijkschaap waard yllústrearre troch Helga Faber. Ek sy rekke samar ynienen wei, yn ‘e selde tiid dat Bosch stoar.

Doe hast in gedicht skreaun, in oade oan allebeide. Dy stiet foaryn dyn lêst ferskynde aforismebondel dy’t “Loot” hjit (mei in “t”) en dy’t Janny yllustrearre hat.

 

Laatste “loot”

Liefste met je fijngesneden gezicht,

Mijn scherpe blik heeft je trekken bewaard.

Je ogen richtten zich zo

Op alles wat hoger lag:

Moeilijk te bereiken was,

Zelfs gegeven moeilijk.

Alles wat je wilde,

Alles wat je optilde:

Je was te moe.

Mijn meester ook jij verloor,

Juist de wens om lang

Te leven niet vervuld.

Liefste met je fijngesneden gezicht,

Hebt het leven in een dans vertolkt,

Als verstrengelde mensen.

Meester jij was trefzeker,

Je had veel rek in je,

Was als gegeven voor mij.

Meester en liefste ik heb verloren:

“mensen” die ik liever nooit verloor.

’t Schaap staat blatend op de dijk.

Tekening èn achteraf,

Daar mist de rek niet uit:

Ik blijf tot mijn laatste “ loot”. 

 

It waard de lêste jierren swier. Mieke en ik hawwe dy kennen leard doe’st noch lithium as medisyn brûktest.  Achterôf hat bliken dien hoe’t dat medisyn dy der ûnder holden hat. It makke dy dôf en sleau. It makke dyn gefoelens dea. Yn dy tiid krigen wy soms gjin wurd út dy, allinnich de aforismen dy’st foarliest. Doe kaam de omslach. It kaam oan it ljocht dat de lithium dyn nieren oantaaste. Do mochst it net langer ynnimme. En doe barde der hiel wat moais. Wy seagen stadichoan in Gys dy’t wy net koenen, mar dy’t wol de echte Gys wie.  Do kaamst ta libben as krûptest út in kokon . En do kaamst los. Yn it persoanlik kontakt en yn it skriuwen. Humor hiest altyd al, mar no waard it wille en gekjeien. En njonken de aforismen kamen der gedichten, lieten, oantekeningen yn proaza. Do koest wer fiele. Sels hast it yn in oantekening sa beskreaun:

 

Ik ben vaak bang geweest.

Te bang geweest om te leven.

Mijn leven bruisde niet.

De lithium hield de pieken ook tegen.

Achteraf heeft de lithium toch wel een

Heel groot stempel op mijn leven gelegd.

Het contact met mijn vader en moeder

En andere familieleden verstoord.

…..

Nu pas is mijn leven reëel.

Nu pas kan ik leven.

Nu pas heb ik kansen

Nu ik mij ten volle kan uiten in mijn schrijven.

….

Als Gysbert inderdaad de schitterende betekent,

Doe ik mijn naam wel eer aan.

Ien fan ús moaiste bylden by “de schitterende” is hoe’sto wiest op ús brulloft, goed twa jier lyn. Do wiest krekt werom fan fakânsje út Kreta. Hiest dêr in hiele goede tiid hân, it swart ûnder dyn eagen wie folle minder as oars, do wiest fleurich. De hiele dei hiest dyn plestikpûde mei boekjes by de hân. Mei allerhande freonen fan ús rekkest yn petear oer dyn aforismen, dieldest boekjes út. En doe de jûns. Sa’sto dûnse hast.  Folslein frij, sûnder gêne, los fan dysels. Us nichtje fan acht docht dy noch wolris nei. Sy hat datselde lange hier en wurdt dan nozem Gys. Wy laitsje der noch sa faak om. En fierders fansels dat ferhaal oer dy brulloftsgasten út Nijmegen, dy’t de oare deis weromrieden en it hiele ein dyn aforismen oan inoar foarlêzen hawwe. Wat in humor, wat in wysheid, wat hat dy man meimakke, fregen se letter.

De lithium hold dy der ûnder. Doe’t dat net langer barde, kamen grutte skommelingen. Do koest it lykwicht tusken de many en de depressy hieltyd minder fine. Do moast hieltyd faker opnaam wurde. Earst MCL-Noard, doe Frjentsjer, doe MCL-Súd. En yntusken mar skriuwe, want ek dat wie net mear te hâlden. Ien gedicht út dy tiid wol ik foarlêze. Ik wit noch goed datst my op in jûn út Frjentsjer wei opbellest en it foarliest. Ik wie der daliks ûndersteboppe fan.  It giet oer de ferskuorrende erfaring fan de isolearsel dêrst nei in agressive oanfal yn bedarre wiest en oer de treast dy’t in ferpleechster dy’t dy dêr iten brocht dy doe jûn hat.

 

Lokkiger libben

Eangstme yn stilte besletten

Stuts my hast del:

Sy trochbruts it krekt op ‘e tiid.

Joech myn fielen in laits,

Dêr’t ik in nachtlang

Op tarre koe.

Mei har hier striek

Sy by myn fertriet lâns.

Utsteksels fan in lokkiger libben

Rekken my mei goedens.

Sy liet my even rêste,

Sadat ik skrieme koe.

 

Gys, tongersdei hiest yn it sikehûs te hearren krigen dat it miskien better wie datst oare wenromte sochst. De dokter sei dat de iensumheid in part fan dyn probleem wie. En do wistest dat se gelyk hie. Wy hawwe der de middeis noch oer belle. Wy hawwe it der oer hân dat it in goede stap wêze koe. In wenfoarm sykje mei minsken wat tichter by dy. Do hiest al in ôfspraak mei Maatskiplik Wurk makke om de mooglikheden hjir yn de stêd te besjen. Wy sille noait witte oft dit de oanlieding foar dyn lêste stap west hat. Wat wy wol witte is datsto der sa grutsk op wiest datst mei dyn sykte dochs noch allinnich wenje koest. Op dysels wenje wie in kwaliteit fan leven foar dy. It ynsicht dat dat net langer koe, moat hurder oankommen wêze as dat wy yn ‘e gaten hiene.

En doe waardst de jûns lilk, om in pear tafallichheden dy’t makken dat it even oars rûn as datsto dy foarsteld hiest – en dan koest ûnreedlik lilk wurde en tinke dat de wrâld tsjin dy wie – do giest op wei nei MCL-súd om dyn medisinen op te heljen. En doe wie dêr dy trein.

Leave Gys, ik ferwyt dy neat. Myn fertriet hat neat mei lilkens te meitsjen. Mar  wy sille dy sa misse. It libben, de stêd is safolle earmer sûnder dy. Ik wit net goed hoe’t it fierder moat. Ik wit net goed hoe’t de dagen wer wat draachlik wurde moatte. It iennige wat ik sizze kin, is dat ik dy lêzen bliuwe sil en dat ik fan dy leare wol. Wat dy typearre wie de ûneinige leafde dy’st besykje woest foar minsken op te bringen, omdatsto leaudest yn de ûneinige wearde fan elk mins en dy rykdom hiel faak ek seachst. As wy dêryn fan dy leare wolle en it ús slagje soe sa nei ússels en nei elkoar te sjen, dan krijt dyn libben en dea noch mear betsjutting as dat it al hat. “Onze grote omhelzer” neamden de minsken fan it ynloophús dy yn de rouadvertinsje. Sa wie it, better kin it net sein wurde.

Gys, wy soenen kommende maitiid tegearre in seleksje út dyn gedichten en lieten te meitsjen. Wy soenen oersettingen meitsje en der in bondel yn twa talen fan meitsje. Wy soenen in útjouwer sykje. Dy seleksje komt der, en de oersettings en de útjouwer ek. Dat beloof ik dy.

Gys, it giet dy goed. Do hast noch in hiele reis te meitsjen. Ik hoopje dy oait earne wer tsjin te kommen. Ik bin der wis fan dat ik dan witte sil datsto it bist, want do bist út tûzenen te herkennen. Dêroer giet dit lêste gedicht:

 

Dichter

Een bos wild grijs haar,

Een slordig geschoren kin.

Een buik die de blouse beweegt.

Ogen met wallen van drie uur slaap,

Meer kijkt U erop een nacht niet vanaf.

Een paar snelle benen, al naar gelang de stemming.

Een profiel van een dichter,

Nooit aan gedacht.

Zo had u zo iemand toch niet voor u gezien.

Laat in de morgen

Schrikt hij van het schrale licht.

Zijn ogen zien de hoge zon,

’t Eerste uur is geheel niet zijn veld.

De ochtendstond heeft rot in de mond.

De paar snelle benen brengen hem naar zijn maaltijd.

Als de middag klaart,

Is hij hersteld van de schrik,

Maar blij met het licht is hij niet.

Tegen de avond daagt zijn plezier,

Grijpt naar het papier als was het zijn lief.

Hij stemt niet af op slechts één woord, maar op allemaal.

Hij werkt tot twaalf uur,

Weet wat de ochtend hem brengt:

De naweeën van die avond.

Hij weet dat het zijn hals is die hem

Kan nekken als een vergelijking niet loopt.

Toch leest hij het al vers gretig aan bekenden voor. 

Terug naar Inhoud